Mathilde Hemmes
cv over mijn werk exposities video's objecten sieraden contact

 

tekst uitgesproken op de radio, Omrop Fryslân, in het Fries

6 maaie 2006 - Galerij fan de Lawei, Drachten - Mathilde Hemmes - Doodsoorzaken

Yn 'e Galerij fan 'e Lawei yn Drachten is op dit momint de earste solo-tentoanstelling te sjen fan Mathilde Hemmes, mei de titel 'Doodsoorzaken'. In bysûndere tentoanstelling, want it wurk fan Mathilde Hemmes is wurk dat in soad reaksjes opropt. Sy makket videofilmkes en romtlik wurk, en yn har wurk stiet de dea sintraal. Net in maklik ûnderwerp om sûnder al te folle wurden wat fan sjen te litten. Mar ik moat sizze, ek al wie it net in maklike tentoanstelling, it hat my de siken folslein benaam. Ik stie even hiel frjemd te sjen nei al dy licht klaaide en ijsko-itende minsken doe't ik de Lawei wer útstapte, want ik hie yn in hiel oare wrâld west.

Mathilde Hemmes hat jierrenlang wurke as ferloskundige en is pas doe't se om 'e fjirtich hinne wie, de keunst ynstapt. Dochs leit der wol in streekrjocht ferbân tusken har eardere fak en har wurksumheden no, en dat is har fassinaasje foar it libben en dêrmei ek foar de dea. As ferloskundige wit se fansels hoe smel en soms hast tafallich as de grins tusken dy beide is. Foar de dea oer binne we machteleas. Dêr sil eltsenien it blyn mei har oer iens wêze. Mar wat hár no sa dwaande hâldt is, dat wy yn 'e hjoeddeiske wrâld sa'n frjemde ferhâlding mei de dea hawwe. Dêr wolle wy net fan witte, en wy lykje der ek hiel faak abslút net fan ûnder de yndruk te wêzen. Tink mar ris oan it sjoernaal. Wy kinne rêstich in bakje kofje drinke, hearre dat der wer safolle deaden fallen binne by in selsmoardoanslach en freegje fan 'wolst noch in bakje'. Wylst it om minskelibbens giet, dy't op sa'n stomme en ferskriklike manier beëindige wurde. Minsken mei in bestean, mei famylje, mei freonen. Wy fiele it net. Mar sagau't der in mosk yn it FEC deasketten wurdt, is de wrâld te lyts. Wylst we abslút net prakkesearje oer it karbonaadsje op ús board. Dat soarte fan net te begripen tsjinstellings, dêr hat Mathilde Hemmes it oer. Mar, en dat is in lestich ûnder wurden te bringen idee, as jo dy gedachtegong, it absurde en tafallige fan 'e dea, yn 'e in byld ferpakke, dan kin sa'n byld soms ynienen ferskuorrende moai wêze. En dan binne jo as taskôger is paad bjuster. Sa leit der op 'e tentoanstelling in jaske foar in lytse poppe, in bern fan in wike as wat, en dat is makke fan bont fan iendeispykjes, mei in kraachje fan de preparearde en opsette kopkes fan dy pykjes. Moai ljochtgiel mei allegear subtile kleurnuânses, poppich lyts en mei in feestlike glimmende foering. As jo dêr nei sjogge, it leit op in swart fluwielen kessen yn in fitrine, dan krije de harsens allegear signalen tagelyk. De earste reaksje is 'o, wat moai', en dan 'mar dat binne leave lytse pykjes'. Dy binne dea en hawwe mar krekt even libbe. En ja, dat dogge wy. Dy pykjes, en dat hat Mathilde Hemmes ek dien, kin per kilo ferpakt, ynferzen kocht wurde as bistefoer. It binne meast hoantsjes en dy binne fansels oer. Krekt sa't jo ynferzen mûzen per kilo keapje kinne as jo tafallich slangen hâlde. Der is ek in fideofilmke dat itselde effekt hat. Fan in hichte ôf stuiterje pykjes nei ûnderen ta, lykje noch wat te bewegen en lizze dan stil. Se hat dêr deade pykjes foar brûkt en der in stuiterbal yn stoppe. It is in gruwelik byld, mar ferjitte dogge je it net wer. Dy pykjes hawwe der gjin lêst mear fan, mar wy fiele ynienen wat skepsels elkoar oan dogge. Dat effekt hat it sjoernaal net. Hiel moai is in koarte fideo mei bylden fan in âlde muoike fan Mathilde Hemmes dy't sa'n dea pykje yn 'e hân hat. Jo sjogge allinne dy âlde hân en dat lytse pykje.Hiel foarsichtich streket se der mei ien finger oer hinne. 'Heb jij ook een zieletje', freget se, en lig jij nu straks in een vitrine.' It is in tentoanstelling dy't earder al in soad diskusje oproppen hat, de Ljouwerter hat stiif stien fan 'e ynstjoerde stikken. En de toan wie, en dat is ynstjoerde stikken faak eigen, net botte mijen en subtyl. Ik hie der doe noch gjin byld fan, mar no't ik it sjoen haw begryp ik de fûle reaksjes wol, want it is heftich om deade bisten as materiaal te brûken, en dat docht sear, mar it makket in ferskriklik soad yndruk. It is net wat dat je maklik meitsje moatte, it moat gjin foefke wurde. Fan 'o, dêr binne de deade bisten fan Mathilde Hemmes wer'. Mar hjir hat se it op in hiele yntegere manier brûkt. Ik sil it net wer ferjitte.

De galerij is iepen fan woansdei o/m sneon fan 14.00-17.00 oere en op tongersdeitejûn fan 18.30 -20.30. en fansels op jûnen dat der foarstellings binne yn 'e Lawei, dan kinne jo der yn it skoft hinne. De tentoanstelling duorret oant 10 juny.




home